Read Ebook: 文子 by Unknown Shiung Duen Sheng Editor
Font size:
Background color:
Text color:
Add to tbrJar First Page Next Page
Ebook has 132 lines and 15943 words, and 3 pages
Rimen en Teltsjes
fen de Broerren Halbertsma
YNHALD.
Foarwird Biografiske ynlieding De Lapekoer fen Gabe Skroar De Bolswerter merke fen Hoatse mei syn Wobbel Widzesang Jonker Piet en Sibbel Deagravers Sankje It Libbensein Ut-fen-h?s by de Boer De Bear op reis De F?gel fen Bearn-poep De reis nei de Jichtmasters De omkearde widzesang Nije widzesang Oan Liuwe, do er troch it dom fearnsjier kaem Geale Sljipke It Famke It Marke Nimmen libbet fen 'e oerfloed Ald Janom It tsjerkh?f by jountiid ef it gr?f fen Lokke Trije gebetkes for Fryske berntsjes De Rottelwacht It Bolswerter Nut It Jild De harkers op it Bolswerter Nut Doch dyn plicht en lit de ljue rabje Miswier It blomke tink oan my Het Rietmuschje De l?ste frjeon Oan Petrus, do er doctor waerd An Petrus, als er doctor geworden Blomke op it gr?f fen Petrus De geboarte-leppel De ?lde Friezen Frysl?n Sibbel fen de Ryp Nacht Forteltsjes fen master Ale Bijfoet It Maerteblomke Oan de Swanneblommen De Fryske Hirdsiler Troch it Rinket De Fryske Tsjirlen De twade joun De ?ld kies fen Pibomme It Holograef De Kl?nskonk fen ?s ?ld Domenij Hidde en Almansa. Ballade 1217 Snipperkes Oan in berntsje yn de oare wr?ld Skippers-sankje Request It Aldersh?s Toevoegsel op de Lapekoer van 1829 Naricht De Skearwinkel fen Joute-baes It grouwe pak De Noarger R?n oan Gabe Skroar Vriesland De Treemter fen it Sint-Anthoni-Gasth?s Oan E?lus E?lus syn Antwird Oan Auk, mei in Lapekoer Oan myn frjeon Gerhard van der Meer Grouster weagen Oan Piter Mulier, mei de Lapekoer Jountiids W?moed Prins Willem de IVde op de Froskep?le Letter fen in Bankrottiersfeint oan syn ?lders Grouster Merke Redevoering tot Nut van het Algemeen d?r Piter Okse yn stykjen bleau Twigen ?t in Alde Stamme De Winter fen 1624 yn it wetterl?n It Sweltsje Forjit De Liekeblommen De blauwe skine Ald Greult-omme Murk fen Ipekolsgea It feartflagjen Taheakke fen J. H. Halbertsma It boike fen Seisbierum Tsjerk Hiddes Dokter Eeltsje letterke Skipper Hylke fen de Ljemmer Leed en Wille en De Flotg?rzen Leed en Wille Op Anna's dead Oantinken oan Justus Oan Beslinge-state Ofskied In trien Twa berntsjes yn 't w?ld It liet fen in earm man De lytse toarnbeisiker S?mans klachte Sierd Anes klachte Bellis Pratensis De Terp Twa boeren en de skrie De wylde ruter fen Dockum Franske turven en Oranje-bitter It Pelsrjucht De boask troch de skoarstien De rimpene Doktersgong Foarl?zinge De Sint-Pitersboask Rienk fen Molkwar S?mans klachte De Langesleattemer man Gabe Skroar en bysitter Goarrelt In Jounpraetke fen Gabe Skroar Njunken-lytsen Gabe Skroar en de Studint Sint Pontjer en syn wiif De Skearwinkel fen Joute-baes Gabe Skroars reis om in wiif De hoanne fen Westerein Mostert nei de mieltiid Taheakke De ljue fen de pomp De Skearwinkel fen Joute-baes. Tajefte It Heksershol It Ingelgereaunt op Skiermountsjeach Oan myn stalke Freark Fontein mei de Lapekoer Yn Drachten net bikend De blide bernkes De foarname ?t-fen-h?zers yn Frysl?n De Jonkerboer It mantsje mei s?n De wite flokken Welkom aan den winter Skink ris yn, myn faem It Poelke It feintsje Rinse Minne Jorrits reis nei it Kollumer oproer yn 1797 Myn reis mei parsop nei st?d Gr?fskrift fen in wyns?per op him selme Soun forst?n Foeke Sjoerds In Skotsk miel Batthyany's dead Taheakke Japik Ingberts Oanteikeningen fen Don Antonio de Magino Ybel en Jelke ef de boask op it iis De iere Maimoarne en de minske Fammewille In pear ferskes ?t de Quickborn Jounfrede Sneinsr?st Ald-Jong Nijjiers winsk for 1841 Grouster Rottelwachts Nijjiers-winsk for 1842 Grouster Weachbriefkes 1839 Grouster Weachbriefkes 1840 Grouster Weachbriefkes 1841 Grouster Weachbriefkes 1842 Grouster Weachbriefkes 1843 In nij liet op Grouster merke De Brune en de Bles op Trije Romers De Grytman Foeke Skutter en Hospes Tryn De b?ste freed yn Ljouwter merke In jounpraetsje fen Ork en Sint oer it Bankerotspyljen It paed nei de Jilddobbe Maeike Jakkeles en hjar wiersizzerij oan de fammen De wiersizzerij fen Maeike Jakkeles List fen de Printen Fuotnoaten
FOARWIRD.
Yn 1871 forskynde de 1ste ?tjefte fen de "Rimen en Teltsjes" ?nder lieding fen W. Eekhoff, it tasicht op de stavering hie do de hear G. Colmjon, ?nder hwaens lieding yn 1881 ek de 2de ?tjefte ?tkaem. De 3de ?tjefte skynt in foartsetting west to hawwen fen de 2de. Yn 1895 forsoarge W. P. de Vries de 4de ?tjefte yn de nije stavering; sadet dit nou de 5te wirdt.
Wy wolle efkes yn koarte wirden rekkenskip jaen fen ?s opfetting by de regeling fen de ynh?ld fen dit boek.
Do't wy der fen to foaren oer praetten, waerden ?nderskiedene sjenswizen oppere. Sa wierne der g?ds fen miening, det de tael d?ryn hjir en d?r "beskaefd" wirde moaste. Oaren woene hjir en d?r hwet weilitte ef foroarje. Wy lykwols mienden det de ljue de Rimen en Teltsjes krije moasten safolle m?chlik yn it ?ld bistek, sa't hja dy fen ?lds kenden. Alle foroaringen d?ryn scoenen tocht ?s yn it neidiel w?ze fen it wirk. Allinne de stavering moast yn oerienstimming brocht wirde mei de tiid en safolle dwaenlik de printflaters der ?t socht.
Nou lykwols de stavering fen it Selskip folge waerd, koe s?nder biswier de ?tiensetting fen Dr. J. H. H. sines mist wirde en sa is dy foar ?t it boek weilitten. Do bleauwen de "L?z-oefeningen" en it foarste stik fen de "Skearwinkel fen Joutebaes" oer, en dy moasten d?rom in oar plak hawwe.
Fjirder mienden wy det yn dizze echt Fryske ?tjefte it Holl?nske fers oan W. Bilderdyk wol forfalle koe. Ek kaem it ?s foar det de libbensbiskriuwing fen de Broerren Halbertsma hjir yn it Frysk by hearde, en sa is dy fen Dr. Wumkes nou yn it plak kommen fen dy fen W. Eekhoff.
In pear ferskes efter "Leed en Wille en de Flotg?rzen" en de "Grouster Rottelwacht Nijjiersswinsk" binne mei de "Weachbriefkes" ?nder de forsprate stikken efteryn opnommen.
Inkelde lytse foroaringen yn de folchoarder fen de stikken wierne nedich om technyske reden mei it each op it plak fen de printen.
Oan de ynh?ld binne inkelde stikken tafoege, omdet ?s tocht det fen sommige wirkjes yn de libbensbiskriuwing opneamd, ek in prove yn dit boek net ontbrekke mocht.
Sa binne efteryn ?. o. noch tafoege: ?t de Roeker: In jounpraetsje fen Oark en Sint oer it Bankerotspyljen.--It foarwird ?t de wiersizzerij fen Maike Jakkeles mei in pear "planeetsjes".--"Foeke Skutter en hospes Tryn."--"Ik woe wol det ik Grytman wier".--De b?ste Freed fen Ljouwter Merk.--Jounfrede ?t de Quickborn, en in inkeld ferske "Fammewille", ?t de tajefte op de Lapekoer fen 1834.
Wy mienden, det dy hjir tige op hjar plak wierne.
En nou hoopje wy mar, det de Friezen op 'en nij nocht en learing fine scille yn dit wirk fen de Grouster broerren en det it de Fryske sin by hjar forsterkje scil.
Ljouwert, Maert 1918.
O. H. SYTSTRA.
DE BROERREN HALBERTSMA.
Der is in ?ld Frysk sizke: "Eagum leit mids yn 'e wr?ld; trije tr?dden fen 'e toer, d?r is it; dy't it net leauwe wol, kin it neitr?dzje."
Ik lit oan 'e gelearden oer om ?t to meitsjen, yn hofier ?s froede Fryske foar?lden d?r gelyk oan hienen. Mar wis is, det likern?ch mids yn Frysl?n it doarp Grou leit.
Foar h?ndert jier kaem d?r yn dy kontreijen nimmen as dy't der wenne ef der mei gewelt w?ze woe. Men hie d?r sa gjin baeiplakken, nin bergen ef rewieren om de ljue d?rhinne to lokjen. Ek laei d?r om sa to sizzen nin tochte troch fen it iene l?n nei it oare, lyk as oer Arnhim fen Amsterdam nei D?tskl?n. Men roun yn Frysl?n op as yn in sek. Omseame fen 'e s?, oan ien kant f?st oan 'e Jeropeeske w?l, hie it in bulte wei fen in iensum skiereil?n.
As men midden yn dy Fryske gloppe in frjemdling sette, hie er mar in lyts plak, d?r't er him op omkeare koe. Rounom wierne it marren, poellen, sleatten, fearten, driuwp?len, dykjes, hikken en dammen. Yn ien wird britsen l?n, d?r't nin skepsel de wei yn foun as dy't it troch 'en dei bitrape.
Yn dy sodze laei it ?lde Grouwergea, it berteplak fen de Halbertsma's. Om 1750 hinne koe men d?r mei hynsder en wein net ienris komme. De b?ter waerd yn skouwen d?rhinne roeid ef syld, soms in pear ?re fier ?t it wetterl?n wei. De boeren kroasken hwet by de waech om, diene hjar ynkeapen en glieden oer poellen en fearten wer op h?s ta.
Allinnich mei hirdsilen wier der in hopen drokte. En as Noarman de poellen tichtmitsele, krioelde it fen minsken ?t alle hernen fen Frysl?n. Den kamen der yn ien wike mear frjemden as oars yn in hiel jier.
Sadwaende bleau it libben d?r lang yn 'e ?lde foegen. Men seach mei minachting del op 'e st?dsljue. Eigen aerd en w?zen, eigen tael en seden stiene d?r heech.
Dit l?n wier ?tkard om de bertegroun to w?zen fen it frije, oarspronkelike Halbertsma-laech.
Do't Justus ef Joast, sa't er neamd waerd, amper seis jier wier, rekke er op 'e doarpskoalle fen Grou, d?r't sa'n foech pear h?ndert bern, heech en leech, by elkoar sieten. Master hie de earenamme "?ld poep", om't er fen kom?f in East-Stellingwerver wier en st?dsk praette mei in Drintske tongslach. Hy siet yn in hoeke fen 'e skoalle efter in banktafel op 'e troan, mei in stikje swart sop en kalmuswoartel efter 'e kiezzen, in greate brul mei roune gl?zen op 'e noas, in bollepyst yn 'e lofterh?n en in goezzepinne yn 'e rjuchterh?n. Fen in ?ndermaster wier gjin sprake. Dy iene man learde it A-Bie oan 'e lytsen, it staverjen en l?zen oan de greateren, it skriuwen en rekkenjen oan de greatsten, en ?nderwilens forsnie er sels noch de goezzepinnen for de hele skoalle.
Joast learde earst ?t it Hoanneboek en it lyts skoalboek, hegerop ?t it slim skoalboek, d?r't stikjes yn stiene oer de algemiene en heitel?nske skiednis, keapmansbrieven, rekkeningen, rou- en troubrieven. Ta it ?nderwys hearde ek it psalmsjongen en it ?nderrjucht yn it "Kort Begrip." Dat l?ste sinnige syn mem alhiel net, dy't yn mirch en bien Mennist wier. Hy krige it boadskip mei, hjar jonge moast d?r frij fen. Do't er dat stammerjend oerbrocht, gnaude master him ta: "Wuuste dan 'n heiden wudde"?
Eeltsje wier de earste fen 'e broerren, dy't it leksum krige ?t 'e boekjes fen Ds. Nieuwold, de greate bernefrjeon en r?organisator fen it ?nderwys. Hy koe lykwols dat l?z-ark net ?tstean, sa flau foun er it. En do't men it him oanpresse woe, smiet er it yn 't wetter, sadet syn ?lden needsake wierne him yn 'e lear to dwaen by de forongelokke prokkereur Obbe Ruardi, dy't him yn in mannich wiken staverjen en l?zen learde.
Joast en Tsjalling sieten sa troch 'en dei frij lang op skoalle, mar de skoften twisken de skoalle-tiden hiene hja hielendal for hjarren sels. Den wier it de tiid fen boartsjen: aeisiikjen ef doerel?ken, w?dzjen ef baeijen, skipkesilen ef farkjen, bokstean ef draekfleanen, keatsen ef knikken, alles sa't de tiid sei. Dat joech wjukslach oan hjar geast en foarme hjar ta frije, kr?ftige jongkeardels.
Mei't op Joast en Eeltsje in st?dzjekop siet, ornearre men, hja moasten it paed op fen 'e wittenskip. Sa rekken hja nei Ljouwert op 'e Latynske skoalle, d?r't Valentinus Slothouwer rektor wier.
De skoalle waerd h?lden yn trije fen 'e moaiste sealen fen it H?f. "Mynhear Hobbema", in neisiet fen de forneamde l?nskipskilder, wier konrektor. Slothouwer, in D?tsker fen kom?f, fielde him as in f?gel sa frij ?nder 'e Friezen, wier w?rzich oan alle twingerij en forienige him it b?st mei de liberale bigjinsels yn godstsjinst en polityk. Nei ?lderwenst moasten alle jonges, Grifformeard ef net-Grifformeard, de Heidelberchske Katechismus fen b?ten leare, net yn it Latyn fen Caesar ef Nepos, mar yn min theologe-latyn. De rektor krige d?r einlings sa'n hekel oan, det er op in moarn it Kalvinistysk kompendium de skoalle ?tbande. Hy joech les yn ?lde en nije skiednis, mythology, ?lde geografy, astronomyske geografy mei bihelp fen twa greate globes en fierders yn 'e klassike talen. De klassike ?ldheit wier him alles. De romanske boeken ?t 'e l?zselskippen neamde er fodden. De jonges moasten hele stikken fen Homerus, Virgilius en Horatius ?t 'e holle opsizze kinne om hjar de klassike uteringswize eigen to meitsjen. It ?nderwys wier grammatikael yn 'e puntsjes en de rektor hie it grau op it ?nderrjucht fen 'e plattel?nsdominys, om't hja oer it grammatikale hinneflodderen. Hy stj?rde wakker oan op de sedelike foarming fen 'e jonges troch warsk?ging for de ondeugd. D?rom moasten hja ek nei de eksek?sje. Dy wier altiten op in Freedtomoarn om ?lf ?re. De deftichste boargers fen Ljouwert stienen den yn 'e japon ?nder oan it bolwirk om it skavot hinne, like goed as de boeren mei hjar linnen kleedtsje fen it fjirdel b?ter oer 'e earm. As de misdiediger by it giseljen ef br?nmerkjen skreaude en immen bliken joech fen meilijen, seine de boeren k?ldwei: "It is rjucht"! De Latynske skoalle gyng den ?t om healwei ?lven. As it halsrjucht wier, kaem dominy Bavius, praeceptor, yn 'e skoalle, sette syn steek ?f fen 'e pr?k mei fjouwer fordjippings en frege ?t namme fen 'e jonges oan 'e rektor eft hja de eksek?sje mei bywenje mochten. Dizze andere plechtich: "It is hjoed de tryste dei, det ien fen ?s evenminsken ?nder boalshannen stjerre scil op it skavot om oan 'e gerjuchtigens to foldwaen. Jimme winskje dat yslik toaniel by to wenjen en ik haw d?r net op tsjin, yn 'e hope det it jimme ?fskrikke scil fen it kwea. Spegelje jimme oan de man, dy't syn lytse skelmerijen net telde en stadichwei forfoel ta misdieden, dy't de wet as gefaerlik for 'e maetskippij straft mei de dea"!
B?ten 'e godgeleardheit studearre er yn 'e Noardske talen, d?r't er as jongfeint fen sauntsien jier al smucht op krige hie. Nei de tinkbylden fen de Noardske folken oer godstsjinst en seden, nei hjar boartsjen en sjongen, hjar dieden en dreamen to pinfiskjen, en spoaren fen it ien en oar yn 'e Fryske tael en skiednis wer to finen, joech him swieter formeits as de ?ldheden fen Rome en Athene. Mei hertenjue seach er de Germanistyske wittenskip opkommen en fen in baenbrekker as Jakob Grimm d?r't er heech mei roun, learde er "dasz jede Individualit?t soll heilig gehalten werden, auch in der Sprache." Dit paste er ta op syn Frysk, dat er yn it leech seach en d?r't er dochs it moaije fen fielde en fen leaude, it scoe wer hwet bitsjutte kinne yn 'e wr?ld.
Eeltsje kaem op 'e st?dzje to Leiden . De ?lden wierne nou beide dea . De famylje tocht, det er dominy wirde woe, mar dat sinnige him net. Do waerd ornearre fen b?terkeapman, mar it ein fen it liet wier, hy scoe dokter wirde. Hy roun yn Leiden mei in st?k, waerd efkes in kwast, mar hy bitocht him al gau en liet do oan 'e hele st?d sj?n, det er mar in "rouwe, goare Fries" wier, dy't syn eigen wei wist. Hy studearre net ?t 'e rike h?n, moast folle litte om 'e duiten en liende boeken fen syn maten. Do't er trije jier de kolleezjes roun hie, wier er net foldien. Om de geheimen fen it fak better kennen to learen, reizge er nei Heidelberch, d?r't er in stik fen 1818 trochbrocht en st?f?st trije siken ef mear op syn noed hie.
It wier d?r in fleurich libben yn Heidelberch. D?tskl?n hie de boeijens fen 'e Franske oerhearsking ?fskodde. Under de studinten wier in nije geast oan it opkommen. Hja fielden hjar net inkeld mear th?s yn "bierkneipen" en skermsealen, mar forienigen hjar ta "Burschenschaften" om nasjonale tinkbylden oan to kweekjen. De prefesters gyngen as kammeraten mei hjarren om. Dat wier kuijerjen, piip roken en petearjen oer 'e wittenskip! Mei de studinten, dy't Bonaparte yn Parys opsocht hiene, song er: "Was ist des Deutschen Vaterland" en "Freiheit, die ich meine, Die mein Herz erf?llt." En Eeltsje hie sa'n moaije tenorstimme en sa'n suver muzikael gehoar"!
Do't er th?skaem, siet er stiiffol D?tske sangen, dy't neir?sden yn syn siel.
Eeltsje f?stige him as dokter to Poarmerein, mar om't er d?r net rjucht soun wier en ek net aerdzje koe, naem er it bisl?t de praktyk ?t to oefenjen yn syn berteplak. D?r hat er jierrenlang doktere, ?ren fier yn 'e omkriten. In maklik bistean wier dat net. It like by tiden wol in matroazelibben, nacht en dei yn 't spier, as er mei syn jacht "Gysbert Japiks" oer de swartbrune, skomjende weagens fleach, om syn pesjinten to bisiikjen. Foar syn trouwen mei jiffer Boukje Fockens, in boargemastersdochter ?t Boalsert, wenne er by ien fen syn broerren yn, mar troch 'en dei hie er yn it "Hof van Brussel" ek al folle syn "residinsje" opslein. D?r siet de jonge dokter jouns by it turffj?r mei in lange strie yn 'e holle, in heal fearntsje op 'e tafel. D?r waerd it nijste nijs opikkere, wylst elts syn slokje dronk. It gefaer bistie, det er yn it lytse doarpsgedoch net op peil bleau, mar as er wer allinnich wier yn 'e greiden fol sinnegl?ns mei wolkens en blau d?r boppe ef oer 'e poel str?sde, wylst de wite koppen fleagen, den hearde er l?der en l?der in sjongstimme yn him en moast er de dichtpinne hantearje. Troch de moaije ?tkomsten fen 'e Lapekoer oantreastge skreau er wer nije stikken. Oer stavering, l?zteikens ef d?dlik skrift bikroade er him net. It wirk seach 'er faken nuver ?t, mar Joast dy't wol seach det er jewieltsjes by wierne, woe it net ?nder 'e hannen fen in ?tjower bidj?rre litte en gyng oan it ontsiferjen, boekstaverjen, bipuntsjen en bistreepjen. Fen syn eigen wirk die er der ek hwet by. Om de ljeafde for de heitel?nske sprake ?nder alle stannen fen it Fryske folk op to wekken, moast elk fen syn gading hawwe: rym en onrym, earnst en koartswyl, forhael en petear, liet en gebet. Sa kaem yn 1829 de forgreate Lapekoer ?t. Fyftich eksemplaren hiene as taheakke tsjien lietkes op mezyk. Frij grif is it titelprintsje fen syn broer Tsjalling, dy't ridlik mei de teikenpinne omgean koe. Hy skreau yn April 1828 oan Joast: "It goedkeapste vignet op Gabe is in ?lde koer mei ien ear en it oare, dat hwet ?traffele is, kreas teikene".
It boekje waerd forkoft as slaed. Holtkamp, boekforkeaper to Snits hie oanfraech fen h?ndert-fyftich en krige fierstentomin.
Prefester Seerp Brouwer skreau 3 Janewaris 1830 oan Joast: "It is eigenskip fen de Fryske studinten yn Grins de Lapekoer op 'e keamer to hawwen."
Underwilens wier de tr?dde broer Tsjalling, b?terkeapman to Grou, ek for de Fryske spraek yn it spier rekke. Yn 1828 hie er it drok mei de ?tjefte fen berneheilingen. In hopen teikenwirk mei rymkes stj?rde er nei Joast, om it to hifkjen en to skiftsjen. "Allegearre"--skreau er--"doge se der net for, men moat der ek in s?ltkerltsje op kwyt wirde kinne, oars wolle de ljue der net oan". De printen wierne alhiel yn bernetrant. Ien forhearliket bygelyks it winterformeits mei sokke rymkes:
Ige Murks fen Wynjeterp Bynt syn Luts hjir op it skerp.
D?r saeit Tsjal mei Halbe hinne Dit pear scil de priis wol winne.
Rimer mei syn fryster Jel Ride hjir de Wimerts del.
D?r komt it belgereid to fjild, Nou groeit de kastelein syn jild.
In oare stelt in hoanne foar, dy't sprekt:
Wol h?ndert jierren efterien Haw ik yn 't a b c-boek stien, De berntsjes waerden wiis en great, Hja wisten folle en 't like neat, Men draeide hjar net yn 'e bocht, Men makke hjar mar sljocht en rjocht, Mar nou d?r waeit in oare flagge, Bin ik ?t alle skoallen jagge, Ik bin mei 't a b c forbean, Nou gean ik op in heiling stean.
Det de heilingen net allegearre like ?nskildich wierne, mar stikelich w?ze koene, docht bliken ?t dit skriuwen fen Tsjalling oan Joast : "De heiling mei de houn, stiet l?nhearre d?r ek tofolle op 'e foargroun? Helje der mar in streek troch, dat scil it b?ste w?ze, oars kriget men de hele wr?ld tsjin." De feguren op dizze printen binne fier fen moai en de kleuren sitte der m?l op smard, mar hja hawwe for it Frysk danich fortuten dien. Hja waerden oan 'e bern by t?zenden presint jown op St.-Piter, to Sinte-Klaes, to wolkom-th?s, op skoallefeesten en jierdagen. Hwet harken de beukers op, as mem de rymkes foarsei yn hjar eigen tael. Sels de feinten en fammen koene se op 't l?st fen b?ten.
Do't ds. Joast to Boalsert op it Gysbertfeest it wird fierde, hie er it Fryske heitel?n al forwiksele mei it Sassyske Dimter, mar de prefesters fen it Athenaeum to Frentsjer en de keraters, dy't ta de heechste adel fen Frysl?n bihearden, lyk as baron Rengers, Jhr. Scheltinga en Jhr. Aebinga van Humalda, woene him d?r minlike graech weihelje en prefester meitsje yn 'e ?lde akkedeemjest?d. Fen 1824 oant 1829 is d?r wakker oer skreaun en wreaun. Syn miich prefester de Crane, dy't de Fryske saek mei kr?ft foarstie, skreau him: "Mei nocht lies ik yn jins brief de meidieling, det de keraters plan hawwe jo b?tengewoan heechlearaer to meitsjen yn 'e Noardske talen. Hwet in treftich foarbyld! Dit koe fierdere ?tsichten ek for earne oars iepenje. Nou is it sizzen, det jy ta lektor bineamd binne. Kriget de saek d?rmei op in oare menear syn bislach? Yn elts gefal winskje ik jo en it Athenaeum lok en seine ta op it bisl?t. To Oxford is Ingram prefester yn it Angelsaksysk. Hwerom hawwe wy hjir net in prefester yn it Frysk?"
Der is lykwols noch fen it iene noch fen it oare hwet komd. It Gouvernemint woe der net oan, it Athenaeum rekke troch it minderjend tal studinten alheel yn it leech en yn 1842 skreau Mr. A. Telting oan ds. Joast: "Eft it Athenaeum noch hwet omgammelje scil ef mei gauwens stjerre moat, hinget ?f fen it Regear; byhwennear dat binaud is for in lilk gesicht fen inkelde prottelige Friezen, kin it w?ze det de Minister it noch libje lit." It oare jier foel de slach en d?rmei in earekroan fen Frysl?n.
J. Halbertsma wier tsjin de tachtich, do't er forstoar. Mei him wier de geleardste kenner dy't de Fryske tael ea hawn hat, hinne gien.
Add to tbrJar First Page Next Page