Read Ebook: 文子 by Unknown Shiung Duen Sheng Editor
Font size:
Background color:
Text color:
Add to tbrJar First Page Next Page Prev Page
Ebook has 132 lines and 15943 words, and 3 pages
J. Halbertsma wier tsjin de tachtich, do't er forstoar. Mei him wier de geleardste kenner dy't de Fryske tael ea hawn hat, hinne gien.
Hy hat de Lapekoer neamd: "Neiklanken ?t 'e foartiid".
Sont it Grouster trijemanskip forteach, is Frysl?n mei hannen omkeard. Spinwiele en tsjernmounle, l?kskip en b?gelsjeas en safolle mear binne ?t 'e tiid rekke, mar dit boek bliuwt it monumint fen in stik folkslibben, dat de Fryske siele opropt ta ljeafde for syn eigen aerd en w?zen.
Snits, 28 Febr. 1918. G. A. WUMKES.
DE LAPEKOER FEN GABE-SKROAR.
DE LAPEKOER FEN GABE-SKROAR.
IN WIRDKE FOAROF.
DE BOLSWERTER MERKE FEN HOATSE MEI SYN WOBBEL.
To Bolswert yn 'e merke Seach ik in famke gean. Ik tochte, bern! hwet bistou t?k; Sa jong en pr?s, sa nuver sm?k; Ja, nuver sm?k; Sa tsjep yn sneinske klean.
Ik kaem hjar wer to miette, En seach hjar bjuster oan, Ik seach hjar oan, ik seach hjar nei: Mar seach hja my, den roun ik wei; Ja, roun ik wei, En like hast bistoarn.
Soms teach hja nei de kreammen, En koft' hwet nije klean: Mar hwet hja koft' en hwet hja die, Ef hwet hja to binoaskjen hie, Binoaskjen hie, Hja moast my altyd sj?n.
Den gl?rke se oer it skouder, Krekt as 't in skjirkert wier! En hwet hja gl?pte, ef hwet hja seach. Ik wier hjar nea net ?t it each, Net ?t it each, Al wier 'k ek noch sa fier.
De joun bigoun to kommen, En 't foltsen gong to bier; De famkes kuijren h?n oan h?n, En hwet 'er wier yn 't Fryske l?n, Yn 't Fryske l?n, Moast nou ris oan 'e swier.
Myn makkers teagen hinne, En namen elts in faem. De pipen stieken se op 'e hoed, En seinen: "Man! hwet bist' in bloed, "Hwet bist' in bloed, "Ik wist wol hwa't ik naem."
Myn bloed bigoun to koaitsen; Ik wist to wr?ld nin rie'. Ik wier dochs yet mar sauntsjin jier, En nou al mei in faem to bier, In faem to bier, D?r 'k nea net dounse hie.
Nou stie ik by in kreamme Fol koeke en swietekou; Ik kocht hwet d?mkes for de bern, En tocht' den d?rmei wei to tsjen, Wer wei to tsjen; Mar n?, dat wier d?r: hou!
In hele rig'le fammen Dy kamen op my ta, En tomm'len my d?r op it liif, En seinen: "Man! d?r is dyn wiif. "D?r is dyn wiif; "Hwent Wobbel woestou ha."
En Wobbel liet hjar sinke, En patte as in wyld. As pypkeniel oer rizenbrij, Ja, noch wol swieter smakke 't my, Ja, smakke 't my, Fen sokken aerdich byld.
En d?rmei ?nder 't dounsjen En 't patsjen s?nder ein, Sei Wobbel: "Hwerom stunest' sa? "Dou woest my ommers lang al ha, "Ja, lang al ha', "Ei! hiest' it my mar sein."
"D?r," sei ik, "d?r, myn Wobbel! "D?r hast' myn rjuchterh?n. "Bliuw altyd rjucht en sljucht as nou; "H?ld jimmer dy oan Fryske trou, "Oan Fryske trou, "Der is nin f?ster b?n!"
WIDZESANG
Myn ljeave m?t'le jonge, Ei! kibje net sa fel. Ik scil in sankje sjonge: Myn boike! jaen dy del.
Knyp dou dyn ljeave eachkes, Dyn m?zige eachkes ticht, En wiggelje as de weachkes Mei 't reid oan 'e wetters-ich.
Dou hast' nin sorge ef kommer, Dou witst' yet nearne fen. Dyn widze is dy nou rommer As de wr?ld dy wirde kin.
Dou haste in b?kfol tate, En mem dy hat wol mear. Och! lit dy mar biprate; Sa'n sliepke docht net sear.
Dou kinste ek swieter slomje As mannich stumperke docht, Dy yn 'e widze forklomje, D?r moer noch minske nei sjocht.
Dy lytse earme hertkes, Dy sloofkes haww' 't net b?st: Hja lizze yn fodden en flardkes, En dou yn in warem n?st.
Dou haste it folle better As mannich prinske it het; Dy wirde net tsjokker en fetter Fen al dat swiete banket.
Dy hawwe in frjemde minne, En keapje hjar tate for goud; Dou heste dyn ?rkes allinne For t?tkes, myn ljeave bout!
En wirdstou den to wekker, En rekstou dyn earmkes ?t, Den smakket it dy sa lekker; D?r is it ein fen ?t.
Den tilt dyn mem 't girdynke, It tsjustre girdynke op, En kipet as poes yn 't spynke, En gizet mei hjar pop.
Den tilt hja dy ?t 'e gloppe En triuwket en tutet dy sa; Den meistou hjar oankr?pe, En sobje en knobje mar ta.
Myn ljeave m?t'le jonge, Ei! kryt mar net sa fel. Lit my net langer sjonge: Myn boike! jaen dy del.
E. H.
J. H. H.
JONKER PIET EN SIBBEL.
Jonker Piet hie op 't oanrieden fen in poep, dy syn heit him ta in gouverneur jown hie, in roun jier yn 't Franske l?n omswabbe, en as in great hear banketearre. Mar net fetter, net riker, net better kaem er op it slot werom. Flokken hie er leard ?t 'e pin, en oare dingen, dy't er foarhinne net neamen heard hie, en dy't er op it slot ek net leare koe. It Fransk hie er wakkere hiem, en mei de fammen fen it slot libbe er lyk as men 'er to Parys yn it Palais Royal mei libbet.
Bonjour, mijn allerliefste kind! Zeg, waarom vliegt gij zoo gezwind? Of kent gij dan den jonker niet, Die voor een jaar het dorp verliet? Ik heb gereisd in 't Fransche land, Partout, partout, en homme galant: Mais telle teinte, tels yeux jolis, N'ont pas les belles de Paris.
Goen joun, mynhear! Binn' jy d?r wer? 'k Bin wrammels bliid det ik it hear. Ik roun hwet gysten troch de lean, En woe sa nei de yester gean. Mar jonker, n?!--ik koe jo net. Ik tocht, jy wierne tier en fet; Mar nou binn' jo de klean sa rom; Ek sprieken jy sa nuver krom.
Morbleu, mon coeur, vous ?tes niaise. C'est des galanteries Fran?aises. Kom, fop mij niet, mijn' lieve zus! Gij weigert toch geen welkomkus? Amusons nous in deze laan, En laat dat boerentuig maar staan. Amusons nous, amusons nous! Point d'amusements plus doux.
Ei fij, myn jonker! fij, myn frjeon! Hwet binn' jy rimpen, m?l en gleon. Jy binne dochs in grytmans bern; Fij! lit my ljeaver mar bitsjen. Och n?!--Kom, foart! It wirdt to bot. Rin nei jins fammen op it slot. Ik nim myn amers en myn jok: Wy haww' it nou mar tige drok.
Ma foi! vous ?tes plus difficile Que les laiti?res de la ville. Ei! laat mij maar eens met u gaan, En kijk mij dan eens vriendlijk aan. Of meent gij dat ik u niet min? O ja, gij zijt mijn hart en zin. Je lui ferai pourtant la cour; Elle est trop belle voor een boer.
Ik h?ld net fen de Franske swier. Och, praet mar as forline jier. Sprek net to folle fen jins hert: Hwent siker, Sibbel leaut it net. It streakjen, jonker! helpt jo net: Ik haw myn sin op Rommert set. Dy wrot d?r yn it roggefjild. Dy haw ik ljeaver as jins jild.
Ah peste! Ah, quel trait mauvais! Non vive donc le gout Fran?ais! Wel, meisje lief! word toch niet zot. Die vent? Ik lach mij nog kapot. Gij zijt te vlug, gij zijt te schoon Voor een zoo lompen boerenzoon. Je suis un cavalier galant. Ik bied u aan mijn' linkerhand.
Nin lofterh?n, nin rjuchterh?n Fen sokken banjer fen it l?n; Mar earme Rommert, from en froed, Dy wangen hat as m?lke en bloed. D?rom, o jonker Piet, myn frjeon! 'k Wier ljeaver by de Franskes bleaun. De famkes yn it Fryske l?n Dy h?lde fen de rjuchterh?n.
DEAGRAVERS SANKJE.
Lodde, lodde en modder, Deawirks ark en reau, D?r ik earme bodder Mannich gr?f mei kleau!
Modder, gr?f en lodde! 't Needbrea, dat ik ha, Wyt ik skeppe en lodde, Gr?f en modder, ta.
Earme en rike ljuwe Tsjen' hjir op my oan. Minske! hjir moast bliuwe, Boer en kenings soan.
Smoarge kop mei hierren, Laeist' d?r op'e flier? Blank--foar trije jierren, As s' in ingel wier.
T?zen jonge feintkes Sobben hjar de h?n; Stauwen mei har weintsjes Om sa'n byld troch 't l?n.
Add to tbrJar First Page Next Page Prev Page