Read Ebook: Rimen en Teltsjes by Halbertsma Eeltsje Halbertsma Justus Hiddes Halbertsma Tjalling Wiersma Jacobus Pieter Editor
Font size:
Background color:
Text color:
Add to tbrJar First Page Next Page
Ebook has 1590 lines and 194199 words, and 32 pages
y roun der flitich hinne: Dy tocht: "?ld Greult scil stryksom ha! "D?r scoe 'k my bryk om rinne.
"Hwent in dukaet twa min ef mear, "Dat kin syn bern net bate; "Hja krije it jild, en dizze kear "Scil nimmen my biprate."
Mar s?pe h?ldt ?ld Greult him oan, Hy woe nin dranken hawwe, Mei 't fearke moast al oan en oan, Dy Bils-faem him den lave.
Dy koe de ?ld man soms ek to m?k In plattekoek tatriuwe. Dy klitse! o, dy wier sa t?k, Dat kin gjin minske leauwe.
Syn bern en bernsbern kamen op, 't Wier merke by Greult Rommerts, Fen Offenwier en fen de Top, Fen Drylst en Heech en Hommerts.
Dat spriek d?r mar de flesse oan, De frouljue kofje drinke; Net ien syn mage wier bidoarn; Hwet snienen se yn de skinke!
It fl?sk d?r snien' se net by troch, D?r waerd mar tige yn fege, En hie 't hwet d?rre, mei in sjoch Wier 't hele fl?skfet lege.
En klontsjes as in lytsh?s, man! Dy treauwen se yn de kofjekan, Ja, yn de b?se yette.
De aeijen treauwen se yn 'e hoed, De b?ter yn de doeken; De tsjizen stielen se fen 't boerd, Trochsn?fden alle hoeken.
Den gongen se nei Greult-om ta, Sa hwet om him to treasten. Hy draeide 'm om, en knikt' hjar ta; Ynwindich koe 'r de measten.
As 't ljocht den fen de himel gong, Den stoepen se wer hinne; Hwent Greult-om net, mar och, syn pong Wier 't reisgjen om allinne.
En ?nderweis den gong it m?l, Den koen' se oan 't fjochten reitsje. In earme sweager w?rzen se al: Dy stakker woe al pleitsje.
Yn 't ein hja lizze 'm yn de bank, D?r woe er oars net hinne; D?r roun ek bygeloof mei mank: Lyk as dy ?lden binne.
Twa b?rren moatte nacht op nacht D?r oer de flier omkr?pe, En h?lde d?r by Greult-om wacht, En lave him mei s?pe.
Dat d?rre sa in nacht ef tsjien; De man waerd tydliks swakker, En alle man dy wier bigien Mei 't lijen fen dy stakker.
Do spriek 'er yet syn b?rfeint ta, Dy by him sit to weitsjen: "Och! Pier, dou tsjinnest Greult-om sa; "'t Past him dy hwet to meitsjen.
"Ik meits oan dy't horloazje ta; "Dat wit ?s Rommert lizzen. "Mits den bigear ik dy 'er ta "Om 't leed mei om to sizzen.
En dat beloofde Pier him trou: Dy miende hwet to toppen. Dy hie fen 't weitsjen gjin birou, En wier wol yn syn noppen.
De toalfde nacht do sieten twa, Dat wierne froede minsken; Dy griisde ?ld Greult-oms leger sa, Det hja syn ein mar winsken.
Hy slepte yn de foarnacht skoan, Hy frege ek nin drinken, En spriek syn sitters einling oan: "Ik droom fen spek en skinken."
"Dy s?pe, spriek er, w?rzet my, "Ik kin 't net mear fordrage. "Och! siikje in flaubyt dochs for my. "Ho sleau wirdt my de mage."
De ien dy seach de oare oan, En tocht: "Scoe b?rman baze?" Mar Greult-om spriek al oan en oan: "Ik moat fen honger raze.
"Scoen' d?r nin barge-finken stean, "D?r yn dy ?lde spine? "Ik wit, de lytsfaem hat g?d sean; "D?r scille jimme it fine."
Hja fine op it ?nderst boerd In alderedelst krouske Fen 't alderdreechste barge-g?d, Fiks ?nder 't smoar bisouske.
"Hjir Greult-om! hjir is bargeg?d; "It binne barge-finken. "Mar ik nim it net op myn noed; "Hwent dit rint ?t de kinken."
Hy yt net, mar hy fret 'er fen; Sa wier dy man forhong're. Hy sei: "'t Is kost, dy helpe kin. "D?r hie ik lang op long're."
Hy nimt in fine b?le yet Om 't pantsje om to feijen; Hy waerd gesoun, en mei in snjit Wier 't kreunen oer en 't kleijen.
De sitters gongen lilk nei h?s. Hja wierne ek biskamme. Hwent lake waerd 'er by de r?s, En 't joech sa 'n rare namme.
De feint, dy hjar de doar ?tliet, Dy r?p: "'t Is wer gedonder; "As Greult oan 't s?pe-drinken giet, "Den hat er 't hypochonder.
"Mar hy moat jouns in s?pke ha, "En neist de lytsfaem sitte. "Dy streaket en dy streelt him sa, "Dat kin nin minske witte."
De frjeonen wiern' biteut're do, Dat Greult syn dea mislearre, En det er finken ite koe, Dat moasten se do hearre.
De winter dy foel einling yn, En Greult moast ek 'ris ride; 't Wirdt sterker, en hy nimt syn Tryn Mei yn de hynsteslide.
Heel Twellingea kaem op in ein Bihalven dy twa sitters; Der waerd fen 't bargeg?d hwet sein Fen bizen en fen sitters.
Hy ridt by al syn bern yn 't roun Om 't hjar bikend to meitsjen. Ho det er op syn libbens-joun Yet oan it wiif scil reitsje.
Sein' al syn bern al: "Heit is mis; "Hwet woll' je ?nderwine?" Sei Greult: "Hwet ien allinne is, "Dat moast ik ?nderfine.
"Dy twa-en-sauntich jierren het, "Dy kin yet tweintich krije. "Ik haw myn sin op Tryntsje set, "'k Wol sa net langer lije.
Do skelde en skrieme by de r?s, Forwite allykfol hwette; Mar Tryn dy ried mei Greult nei h?s, En koe dat heel wol sette.
Hwent Tryn dy h?ldde fen syn splint, En h?ldt de ?ld man yn w?zen. De bern Woen' Greult-om ?nd're 'e g?rzen.
Sa rekke Greult ta mannichs spyt Oan 't wiif, en ek 'er ?nder. Hy rekke l?n en grounen kwyt, En ek it hypochonder.
Hwent Nynke libbe 'er hearlik fen, En hie in earm famylje; For 't hypochonder joech se wan, Den koe se joepsom spylje.
MURK FEN IPEKOLSGEA.
Yn Ipekolsgea wenne Murk, In riken boeresoan; Hy hie de divel fen it wirk, Syn mem hie him bidoarn. Hy waerd ek wol Murk-ropper neamd, Om det er heislik skreaude, En faek tsjin alle reden oan Om nietichheden kreaude.
Nei folle merken reisge er ta Mei b?se-follen jild; In fryster moast er altyd ha, Sa teach er den to fjild; Dat gong him meast al kwalik ?f, En mennich gl?pske makker Dy laette Murk den om it h?f; Hwent hy wie' oars in stakker.
To Heech d?r wenne in ?lde Foek, Dy mear seach as in oar: Dy wier ek yn de kaerten t?k, Alteast d?r gong hja foar. It roun nou tsjin de Ljouwter merk, Hy woe syn lot wol wite. "Den kin my, sei er, Kei, noch Tsjerk, "Noch Rommert wer biskite."
Sy lei foar him de kaerten del, En seach do gleon op Murk; It roun him k?ld l?ns by syn fel. Do sei se: "Klear is 't wirk! "Dou krijste in siden mantel oan; "Scilst' mei in jiffer ride. "Mar leau my, greate Beinte soan, "Net ien scil 't dy binide."
D?rop waerd Murk al grutsker oan, En br?kte ek frij hwet drank. Den wier 't in walgelik persoan For frouljue troch de bank. To Snits d?r wenne in winkelier, D?r hien' se folle komste; Dy man syn h?sgesin wie' swier, Dy hie it net fen 't romste.
Syn ?ldste dochter hjitte Rinsk, Dat wier in snedich ding, Sa'n flodderkous en hansom minsk, En mansiik net gering. Dy frege Murk op Ljouwter merk Om mei hjar ?t-to-riden; Hjar oanstean hoefde er heel net sterk, 't Wie' rekke oan beide siden.
In tige rike boeresoan Dy kaem d?r wol to pas, It stoe de ?lders hearlik oan, Dy wiern' wol yn hjar sas. De frou r?p al hjar b?rren ta: "Heww' jimm' 't al hoard fan Rinske? "Die sal na Lieuwter merke toa, "Die het alheel hoar winske.
"It is in seun fen greate Beint. "It binne rike maats; "En 't is in heel bestendich feint; "Die het niet feul gepraats. "Ik weet wel, 't is in boereseun, "Maar dat ken Rinsk niet bruije; "Syn ouders binne kloek en deun, "Die heww' wat in te struijen."
De merke dy kaem einling oan, En d?r kaem Murk yn h?s. Hy hie in gloednij pakje oan, En b?sjild by de r?s. Hy hie in lange r?k oantein, Dy sloech him op 'e k?ten; In b?sdoek oan de tip ?tsnein Dy hong 'er healwei b?ten.
In machtich greate fine hoed Siet him yn de eagen del; De r?nne like in wetterboerd, Dy hong 'er sl?k by del. Hy wosk him oars sa daechliks net, Oars net as sneins foar tsjerke; Nou sparre er ek de sjippe net; Hy glimde as in jerke.
Add to tbrJar First Page Next Page