Read Ebook: Rimen en Teltsjes by Halbertsma Eeltsje Halbertsma Justus Hiddes Halbertsma Tjalling Wiersma Jacobus Pieter Editor
Font size:
Background color:
Text color:
Add to tbrJar First Page Next Page Prev Page
Ebook has 1590 lines and 194199 words, and 32 pages
In machtich greate fine hoed Siet him yn de eagen del; De r?nne like in wetterboerd, Dy hong 'er sl?k by del. Hy wosk him oars sa daechliks net, Oars net as sneins foar tsjerke; Nou sparre er ek de sjippe net; Hy glimde as in jerke.
De faem dy seach al nuver op, Hwent it posture raer. Sy wier oars g?ns in modepop: Dit like sonderbaer. "Och, Murk, gain jou na buten toe, "Om 't ryttuug klair te maken. "De minsken sien' as 'k weten 't hoe. "Der binn' hier rare snaken."
"De modens hier of op it lan, "Dat is ien ander ding, "En die him dan niet schikke kan, "Dat is in sonderling. "Dan gain ik mar it bolwerk om, "Dat my gien minsken siene. "Want as ik dair met jou an kom, "Wat sud'n de minsken miene?"
Dat noaske Murk mar just sa hwet, Mar dochs hy die 't om hjar. Hy tochte, bin 'k mar b?ten gat, Den haw 'k myn eigen kar. In ?lden hierknol foar de sjeas, Dat bong'le 'er sa hwet hinne, Mar Rinske wie' bisondre kreas, En hie it wird allinne.
Hwent, o! it wier sa'n snippren faem; Mar hy wier greatsk en dom, En hwet er yn de m?le naem, D?r tocht er meast net om. Hy gong to jow net mei sa'n spil En mei sa'n faem to fjilde! De stokljue moasten op 'e dril, Jild moast it hjoed 'ris jilde.
Hy dronk moarns-ier al reade wyn, En smiet de helt hast wei, De middeis wie' it heal in swyn, It stedfolk piuwd' him nei. Yn 't alderheechste logement D?r moast dat pear do ite. Hy siet oan tafel as in Drint, Hja woen' him d?r wol slite.
In officier dy oer him siet, Dy boarnde him mei wyn, It iten smakk' him dochs net swiet, Dat koe der hast net yn. Do 't m?l gong, holp ek Rinsk him mei, Hja naem him op 'e foarke; En Murk waerd ?nder 't iten wei, Sa det er skielik snoarke.
Nou kuij'ren Rinsk en de officier Plezierich troch de st?d. It skieden foel hjar heel net swier, Hwent Murk siet d?r foar slet. En de officier wie' wol yn 't skik: Dat folk h?ldt meast fen slinen: Hja rinne folle op 'e slik, En dat yn oarljues spinen.
Mar dy man h?ld' him opperb?st, Dy brocht ?s Rinsk yn 't skip. En Murk dy smieten se op it n?st: De doar kaem op de knip. De jouns do Murk to wekker kaem, Do waerd it yet net better. Hy skopte en sloech om feint en faem, En flokte as in ketter.
It l?d wie' troch de toarst forgien, De tonge wie' him skrok. Hy wie' alheel forheard, ontdien; Hy miend', hie siet yn 't hok. De feint r?p: "Poerke, sjop so niet; "Je pin noch niet kefangen. "Vor lauter sjaamte ond verdriet "Is 't meisk' al fort kekangen."
"Is that, kottorie, supen poer? "Het is te slim, mijnheer." Sa hikk'le him dy D?tsker oer, Dy kaem him op it lear. Hy poetste him syn klean hwet ?t, Hy joech him th? en wetter. Dy wosk en kjimd' him ta bisl?t, En do wier Murk wer better.
Ien flesse tocht him, koe nin kwea, Dy geat er him ek yn. Mar 't gong him fluch wer troch de lea. Hy kaem wer troch de wyn. Nou dwaeld' er troch it merkgekriel, Troch al dy minsken hinne; Hy tocht, de merke-skiere-iel Dy scil to nacht wol rinne.
Net lang tonei d?r kaem al ien, Dy sloep him skean foarby, Dy knikte him en seach sa grien; "Ha! tocht er, Dy 's for my." Dy laet him nei in optrek ta Yn in foarname strjitte. "Kom, tocht er, hjir kin 'k wille ha. "Dat kin in keamer hjitte.
D?r wennen oars twa sisters yn, Dat wierne ?lde ljue. Dy jiffers wierne wakker fyn, En jild dat hien' se rju. Syn sleep dy hie in kaei fen 't h?s, Dy hie as faem d?r tsjinne. Den koe se stelle by de r?s, Lyk as dy klitsen binne.
Dy ?lde fammen wierne foart, Dy ieten by hjar broer; Dat d?rre yn de merk' net koart, Dat wist dy leaze hoer. Hja fynt al gau de brandewyn, En jowt him mar to drinken. Hy wier mei 'n ?re wer in swyn, Lyk as wol is to tinken.
Hja p?let him de b?sen ?t, Ontnimt him r?k en hoed, En lit him r?lje ta bisl?t Yn 't b?d ger?st en goed. Mar do bigoun yet earst syn kr?s! Wylst hy d?r laeit to sliepen, D?r komme de ?lde jiffers th?s, En dwaen de doarren iepen.
Hja gongen meast by moanneskyn Sa s?nder ljocht to koai, Hjar nachtg?d laei den op 'e wryn Heel eptich yn de ploai. Dat knoff'le d?r al jierren lang Jouns yn it tsjuster hinne. Foar oaljebarnen wiern' se bang, Hja woen' 't er fyn ?t spinne.
De jongste stoep de keamer yn, En sei: "Hoe hew 'k it hier? "Hier staet in fles met brandewyn; "Hestou dair toe weest, Knier?" ""Hea, Styntse! ikke brandewyn? ""'k Hew ommers sere bienen. ""Ik bruukte it in gien jair of tien. ""Hoe stootst' et ?t de schienen?""
"Mystiit! wat stain de stoelen rair! "En 't bedgordyn is scheurd. "It wurdt my mislik, wee, en nair: "Want hier is wat gebeurd." Hja giet nou op it b?dsteed oan, Om m?tse en jak to krijen: Mar taest op greate Beinte soan, En do bigoun it lijen.
Do g?lje en moartsje: "Dieven hier!" Hja tomm'len oer elkoar. De b?rren kamen yn it spier, De rottelwacht foar doar: Hja stiekne gau lantearnen op, In swird moast op 'e side. "Kom, sein' se, fris 'er mar by op. "Him sal de duvel ride."
De rottelwacht dy spriek him oan, En sei: "Wat doestou hier?" ""Och! ik bin greateBeint syn soan, ""Ik bin hjir for plezier."" "Wy wete hier fan greate Beint, "Of fan syn seun gien donder. "Mar earlik biechte s?ste, feint, "Of dou raikst in 't fooronder."
D?r stoe er nou yn de ?nderklean; Ho graech skau Murk de flint! Mar sa doarst hy dochs ek net gean Yn sa'n great logemint. De rottelwacht seach yn in kast In ?lde siidne tabbert. "Dair! sei er, Hang die om dyn bast; "Dat is noch krekt soa 'n swabbert."
Hja sjouden nei it logement; De ?lde poep kaem foar; Dy r?p: "Kotz tausend sapperment! "Dat steht er schnurrig voor." Kredyt dat hie er d?r yet wol. Hy koe him klaeije en skoaije, En de oare moarns mei de ?lde knol Werom nei Snits ta toaije.
En hwa nou oait nei merken teach, Us Murk dy kaem 'er net. It joech oars al in nuver each, Mar 't ballet ?f, sa'n set. Hy tocht net mear om frijerij, En gong noait wer to sink. Hy h?ldde hinnemeltserij, Twa ljurken en in fink.
E. H.
IT FEARTFLAGJEN,
In reis fen Gabe Skroar. Utjown troch Doctor E. Halbertsma.
Gabe hie in omke op in doarpke yn de greidhoeke wenjen. D?r wier it oars noait merke, mar ienris yn it jier yn de neisimmer waerd de opsleat flagge, dy nei it doarp ta roun, en dat diene de boerefeinten mei eltsoarren; en jonge boeren, dy de hjouwere yet ek net alleheel end al forroun hiene, kamen d?r ek al mank; mar kaem 'er willens ef by ongelok in faem by, dy waerd s?nder wilens troch dy droege opsleat helle, en dat neamden se d?r foetwaskjen, en sa koene dy sloven den, oan de middel ta klaei, op hoasfoetlingen nei h?s ta peasgje.
As de opsleat den ophimmele wier, den kamen al dy ljue by eltsoar yn de skoalle; d?r siet de ?lde master den mei in great kanne mei brandewyn op swarte beijen, en masterske mei in kanfol m? for de fammen. Domenij en pastoarske koene by sa'n r?ch spiltsje net w?ze, mar skikten der de koffy en koeke by, en sa waerd dat in gearjefte, d?r neiby it heale gea oan to pas kaem. It meltsjen waerd oanbisteld, en de aller?ldste ljue wierne op sa'n joun by Domenij to koffydrinken.
Syn omke, dy him wol graech 'ris oan it praten hawwe woe, stelde him foar om 'ris in forteltsje to dwaen fen de reis, dy er foar trije jier 'ris dien hie nei de Dockumer klaei. "Dat haste my faek biloofd, jonge; dwaen it nou; den kinne de fammen en feinten it ek hearre." D?r skoarre Gabe earst wakker tsjin oan sa beare, mar de feinten, dy by it feartflagjen wol sjoen hiene, det it in snedigen hond wier, r?pen allegearre: "Dou scilste, Gabe; ef wy helje dy troch de opsleat." Mar driigjen holp hjir neat; d?r waerd er steech tsjin op. Einlinge komt de gnapste faem ?t it hele selskip by him, dy lei him de h?n op it skouder, en sei: "To, Gabe! dochste it net om it oare selskip, dwaen it den om de fammen; der sit ommers wol frouljufl?sk oan dy." "Dat scoe ik miene, sei Gabe, en it scoe skande w?ze as it sa net wier; mar as it ?ld folk fen kant is, den wol ik neist dy sitte." "Dat kin wol lokke," andere sy him d?rop, en do gong it oan. Hy set de iene h?n op syn kreupele skonk, en bigjint to fortellen, lyk as hjir to l?zen stiet.
"Wy hawwe 'ris in arbeider fen de Dockumer klaei by myn ?lders hawn, dy alle jierren by ?s kaem to sichtsjen, in b?sten pronten keardel! Dat d?rre wol tsjien jier efter ien, mar it l?ste jier klage er ?s heit syn need, det er mei syn h?sgesin fen acht berntsjes fen arbeidzjen allinne net mear libje koe; hy frege ?s heit om fjirtich goune jild; d?r scoe er in foech kampke terp to Westergeast for hiere, om ierdappels op to bouwen, en den scoe er ?s heit earst tweintich koerfol ierdappels stj?re, d?r ?s mem folle fen h?lde, en yn de winter scoe er ?s de oare efterstallingen werom bitelje. Omdet it in man wier, d?r nin spyn oan wier, dy ?s altyd earlik en trou tsjinne hie, sa waerd him dat jild dalik op in goed gelove ?f tateld. Mar de oare simmer liet er ?s in brief troch de skoallemaster skriuwe, det er net komme koe om to sichtsjen, omdet er siik wier; mar it slimste wier, det er ek nin ierdappels kamen do de tiid om wier, det dy ?t de groun komme moasten. Do sei ?s Rommert : "D?r ha we de Duvelderij al geande; ik tochte wol faek, dy fine snaek scil ?s wol by it foetsje hawwe." Dat sei er, omdet de man sneins flitich yn 'e bibel lies, dat syn menear net wier. Rommert tipte, keatte, ef koekslingere sneins ljeaver, mar Rommert wier tweintich jier, en Ynte al fyftich. "D?r scil ik aeijen yn klopje!" r?p Rommert. "Ik smyt moarn it gat op 'e r?n, en ryd nei dy keardel ta." "D?r scille wy net fen hawwe, man! sei ?s heit, dou biste to balstj?rrich yn it oankommen, en to wreed om to moanjen; d?rby biste my ek to swier for dat jonge r?ntsje. Lit Gabe dat dwaen; dy is lichter, en rom sa bislepen om mei minsken om to gean as dou; en d?rby mei Gabe ek wol 'ris fen de biezen; dy sit my dochs gen?ch: dat seit master Freark ek, dy hat in sprekwird, dat is:
Nei 't ik my wize litten hie hwer Ynte wenne, ried ik nei de man ta. Ik hie al fen it wyfke heard, det dy ljue danich yn omslach sieten, mar ho bisaude ik, do ik yn dy wenning ynstoep. Seis earme berntsjes sieten om de hird, heal neaken. It wiif, dy just de goarre trochstien hie, siet mei in tekken om, en hie nin lust om op to sjen. Einlinge waerd de b?dsdoar iepene en d?r seach Ynte ta ?t. Syn ynfallene eagen boarstten de trienen ta ?t.
"Biste d?r, Gabe! sei de man snikjende: Ik bin bliid, det ik dy sjoch, en kel derby; ik wit dyn boadskip foar?f; dou biste altyd in minske west, Gabe, en mear as in minske, dou wierste in minskefrjeon; mar as men jild oan de minsken skildich is, den binne 't nin minsken mear, mar divels." D?r stoe ik nou: it roun my iisk?ld troch al myn lea; it meilijen oermastere my sa, det my de wetterlanders oerrounen. Ik koe myn triennen net ynh?lde, en nin wird ?tsprekke. Mar ik spriek ynwindich tsjin my sels: Scilstou, Gabe Skroar, noch in minske w?ze, ef in divel? en ik tochte oan de wirden fen mynhear van Haren:
En ik sei tsjin my sels: "N?, Gabe! dou scilste in minske w?ze; hwent dou kinste hjir mear w?ze as in minske; dou kinste in Ingel w?ze." Ynte forhelle my do, det syn wiif en hy tagelyk siik wirden wierne, en det er al syn jild formastere hie, en det syn ierdappels fortribele wierne troch de droechte; hy hie de bysitter ek al oanwest om ?nderh?ld, en dy hie bilove det 'er yn foarsjoen wirde scoe; mar mei det nou de hazzejacht ynfallen wier, hie de man it gl?d forgetten, en it wier by biloven bleaun; en mei det er de hele simmer fen de baen west hie, sa wier fen de heawinninge ek net komd; hy hie oars fjouwer aerdige kijkes stean, dy him yet al troch de winter slepe koene, en nou scoe er d?r twa fen forkeapje moatte. "Och, Gabe, suchtte de man, as goede minsken my net bysteane, den moat ik dizze winter mei myn earme berntsjes omkomme: ik kin net betterje fen swierichheit, ik lit earmen en skonken hingje, en wachtsje myn lot hjir boppe wei: wistou ek rie, Gabe?" Nou tochte ik by my sels: Dy man kinste helpe aste wolste, en aste dy man fen dizze winter mei syn earm h?sgesin omkomme litste, dat hastou for dyn rekkening, en it scil dy ivich as in stien op dyn gewisse lizze. Ik wol ljeaver de l?ste st?r weijaen as onbarmhertich w?ze, tocht ik. "Ja, Ynte, sei ik, ik kin jo helpe, ik wol jo helpe, en ik scil jo helpe; mar net prate fen h?nnen en foetten hingje to litten, om as in bult fodden foar 'e wyn ?f to driuwen, hwent dy komme onaris op in r?chskerne ef yn de jarredobbe to l?nne, frjeon! Jy hawwe fjouwer bisten, en mar for twa hea; wol nou, ik haw in moai klibke hea to Skraerd sitten; dat haw ik yn it foarjier yn in boelg?d koft. Stj?r jins broer mei syn pream mei tweintich koerfol Westergeaster ierdappels for ?s mem: den is dy ek to frede, en lit him den dat hea fen Skraerd helje en bringe dat oan jo; den hawwe jou bisten fretten. D?r hawwe jy foarearst yette twa trijegounen om jo hwet ?t de earste need to helpen, en as je d?r dy feare kou ?tmolken hawwe, dy d?r stiet, den stj?r hjar ?s wer; wy moatte takommene jier dochs in weidkou hawwe. As jy den it gelok hawwe, det je wer opfleurje, den kinne jy werkomme to sichtsjen, en sa kin de rekkening wer goed komme. En nou scil ik yette in goe' wird dwaen for jo by de master, dy oer jo giet." "O, Gabe! r?p de man, ik hoef nin medicinen mear; ik kin wol betterje fen blydskip."
"Dat haste 'ris gnap makke, sei syn omke. Gnap, gnap!" r?pen se allegearre troch de hele skoalle. "Net al to gnap, andere Gabe; hwent as frij feint hie ik him alles skinke en forearje moatten, mar om de hele winter it gejeuzel fen ?s Rommert net to hearren, woe en doarst ik it net dwaen."
Ien fen de fammen, dy hwette weak fen aerd wier, en dy op it hearren fen de earmoede en ellinde fen Ynte soms al djippe suchten litten hie, frege hastich oan Gabe: "en ho is it tonei mei Ynte gien, dy earme stakker?" Opperb?st faem, sei Gabe; hy is opfleure, en hy hat yette twa simmers by ?s sichte, en hy is yn 't forfolch yet in wolsteld boer wirden op in nuvere menear.
Hy hie in ryk omke yn de Trynw?lden wenjen, dy nin bern hie, mar hy mocht Ynte net lije, omdet er him de wierheit wol 'ris opsei oer syn goarjen. D?rom hie Ynte noait tocht, det er d?r in st?r fen erve scoe, mar dy man wier lyk as de measte gjirrige rike ljue, freeslike bang for de dea, en hy woe net testamintsje, omdet er miende, det it m?s den for him klear laei. Mar do oerfoel de man mei de seine him onfoarsjoens, en it libben gong 'er ?t wylst er in leppelfol brij yn scoe; en sa waerd Ynte yn syn steed boer to Moarmelsw?lde, d?r ik forline jier by him ?t-fen-h?ze haw; en nou jowt er my altyd de bynamme fen bysitter; "Hwent bysitter scoe yn myn need foarsjen, seit er, en dou haste it dien." Mar gjin minske licht d?rom de hoed for my, al binn' 't ek noch sokke greate eagentsjinners." Master, dy de pr?k al min ef mear op 'e side bigoun to kr?pen sei: "Hawar, Gabe! priuw 'ris mei my; dou kinste prate as in pastoar; mar dat fen dy keardel mei de m?s yn it bier, dat roun der by troch, maet." Hwerop Gabe sei: "'t Is wier, master; mar it wier in hele reis alleheel en al tichte by Bolswert wei nei de Dockumer klaei ta; d?rom pleistere ik efkes, en omdet ik bang wier, det it jimme ek sa gean scoe, nou pleistere ik ek 'ris mei myn forteltsje; en d?rby, dy in strou om in aei, en in forteltsje om ien lyts flouke bidjert, dy is net felle wiis. Mar, master, det er greate dingen troch in lyts kielgat gean kinne, dat hat in neef fen my 'ris ?nderfoun: dat wier in kofskipper, in lichtmis fen in keardel, dy g?ns ?lders erf hie, dy d?rby forskate oanstjerten krige, en yn it bigjin heel gelokkich op s? wier: dy brocht it sa fier, det er mei in gnappe koffe mei in lading Rigaske balken to Amsterdam kaem. D?r forkeapet er skip en lading, en jowt him oan it rintenieren, mar syn lichte sinnen fordwaelden yn dy greate b?rren. Hy rekket oan it swieren en slampampjen, en hy lapet 'er syn hele boel yn koarte jierren troch.
en oan de oare side:
"Nou, seine de ljue yn de skoalle, den hawwe wy in oar Domenij. Dy praet net allinne, mar hy docht." "My tocht, wy moasten de gesontheit mar 'ris drinke fen Domenij en pastoarke," sei Gabe. "Den moaste ek 'ris r?ste, heite," sei omke. Dat diene se, en do bigoun Gabe wer. Do dit forteltsje fen Jouke-kastelein ?t wier, do bigoun it to reinen. "Hwet hear ik d?r? sei ik, rein, Jouke?" "Ja wis, rein; reine moat it hjoed as de s?: d?r hat de loft krekt nei stien." "Dat moeit my: ik woe ljeaver, det it sa net wier." "Hear i's, Gabe," sei de hospes, "dou moaste mar tinke as it wiif alear to Dockum. Dy hjar man waerd ophinge, omdet er it der nei makke hie; dat wiif sei: It is altyd moai waer: reint it, den groeije myn koalplanten, en droeget it, den droeget myn man oan de galge." "Ja, mar ik woe graech joun yette to Ljouwert weze." De man sei: "Dou moaste op in snein net reisgje, Gabe; dou kinste ek net mei sa'n waer." "Ik haw it al sein, sei de kasteleinske, det it waer foroarje woe. De kat fleach sa yn de beam op, en de koffy dwarle yn de mounle om." "Ja, sei Jouke, ja, moeije, en de houn friet g?rs; mar dou bliuwste hjir, Gabe. Ik krij hjir joun in geselskip, d?r kinste dy gen?ch mei formeitsje, mear as to Ljouwert: en d?rby aste mar mei dei foart-tsjochste, den kinste mei dyn flugge r?n yn ien dei b?st oer, en d?rby rint in hynzer altyd hwette luftiger as it op h?s oan giet, as det it der fen dinne giet." En wy ieten en dronken, en spilen op it sjoelboerd; wy smieten nei de ring, en sa roun dy dei oan de joun ta to'n ein: en do roun ik by de kastelein yn de st?l, d?r myn r?ntsje ?ffoerre waerd.
"Liepai k?i skriers-ai Tjirk-ai kai grieneskyl ein-ai."
De moarns om tsjien ?re kamen de hearen by eltsoarren op it st?dsh?s, en omdet it sa'n b?ten-extranaris ding wier, hie froedsman in skjinne wite bef fen froedsmanske om krige, en d?rby in splinter-nije broek oantein, ien sunder flappe, mar mei in gulfje der yn, lyk as de ?lde ljue fen dy tiid droegen: en omdet it ?ld stedsh?s fen Dockum do hwette lek wier, wierne der krekt op 'e stoel fen froedsman Grada ytlike drippen roetwetter fallen, en omdet er bang wier, det er syn nije broek mei dat wetter bismoarkje scoe, sa spraette dy goede man syn wite b?sdoek oer de stoel. D?r gong froedsman deftich op sitten.
Do r?pen se allegearre yn de skoalle: "Wierne dy ljue den gek, Gabe, det se hjar oan in grap steurden. Us hat dat forteltsje skoan smakke." "Yette sa gek net as jimme, sei Gabe d?rop. As ik jimme nou allegearre 'ris for mirden ?trachte, den scoene jimme my it ljocht wol ?t de holle helje, en den wierne jimme yette dommer as de Dockumers. Dy binne yette lilk as men hjar in ding oantiget, dat se w?ze kinne, namentlik dom en onnoazel; mar jimme binne lilk as men jimme mirden neamt, en dat kinne jimme ommers noait wirde." Hja moasten Gabe gelyk jaen, mar dy lytse lilke tapassing op dy moaije lange preek stoe de ljue net oan: hja mochten it wird net ienris hearre, en de iene nei de oare roun noartich ta de skoalle ?t, en fen it koardegearjen mei de fammen kaem dy joun net. Gabe koe mei syn omke nei h?s ta strampelje, en do wier it feartflagjen ?t.
TAHEAKKE fen J. H. Halbertsma.
De Friezen is altyd in frij folk west, frije ljue litte hjar net licht oan it lyntsje bine fen ceremonies; as it ding, d?r it op oankomt, yn 'e heak is, kinne hjar de omballingen net folle skele, en hwet de ljue mei complimenten fen hjar sizze, d?r laitsje se hwette om. Dat sjucht men noch oan de Ingelsken; en sa wier it to foaren ek mei de Friezen. In folk nou, d?r sa'n frije geast yn spilet, hat kwinkslaggen en oanslaggen, d?r in folk, dat nei oarmans pipen dounset, nin bigryp fen hat. As ik de Friezen forgelykje mei ?s l?nsljue yn de oare provinsjes, den leau ik, det der wol minder Kristenen binne as hja. Flokwirden dy yn de m?le fen oare provinsje-ljue bistoarn binne, en spotten mei de godstsjinst, wier hjar in grouwel, mar dat naem net wei, det der yn dy pleatsen, d?r se oars nin wird kikke doarsten, onfoege dingen barden, d?r wy nou suver tsjin opsjenne. Yn de tsjerke selme, d?r de Friezen oars sa dimmen en stil binne, koenen se it net litte om soms mear mei hjar gemak, mei hjar lust en spotf?gelige aert as de deftichheit fen de pleats to riede to gean. Ik scil der jimme in pear staeltsjes fen sizze, mar ik wol nin nammen neame, howol ik se wit. De neikommelingen fen dy nammen libje noch, en dy scoene licht tinke, det dit wier om hjar in stikel to stekken, d?r it fier fen dinne is. Wierheit siz ik, mar ik bin bang, det de ljue my dochs net leauwe scille, omdet ik nin nammen neam. In t?k leagener hat dit boppe my foar?t, det er altyd syn minsken neamt, en de ?re, en de pleats.
In Domenij fen Aldegea bipreke Hynlieppen eftermiddeis, as it d?r vacant wier. Yn de toer to Aldegea wier in klok, mar s?nder slachwirk, en omdet er bang wier, det er to lang preekje scoe om yn tiids to Hynlieppen to w?zen, liet er syn dochter om tsjien ?re mei in kneppel op de tsjerkedoar bonzje. As dy pomp kaem, wier de ?re forroun, en Domenij sei Amen.
De Domenij to Eastermar, dy de twade Augustus 1705 stoarn is, kaem as elts treftich predikant mei r?k en mantel op stoel; mar as it simmers myld wier, en de boeren yn de tsjerke sieten to switten en to sliepen, den hong er syn r?k en mantel oer de r?nne fen 'e preekstoel, en preke yn in rea damasten baitsje mei silveren knopen, d?r peerdtsjes op wierne. Ik leau, as dat nou barde, det der mear om it baitsje as de preek fen domenij komme scoenen, en lykwol preket it baitsje net ef de mantel en r?k, mar de man, dy der yn sit.
In domenij, dy twiske de 4 en 5 April 1745 stoar, stie yn 'e Haskerdiken, d?r do in lytse gemeinte wier. De man wier b?st, mar hy koe it ein net fine; hy preke to lang. Ienders waerd it sa let, det de boeren ien foar ien dripjende ?t de tsjerke sloepen; op it l?st bleau de master allinne oer. Mar dy makke it ek koart, en sei by it ?tgean: "Domenij, as je dien hawwe, woll'je den de doar hwet efter jo tal?ke?"
Sommige domenijs lieten ek wol 'ris Frysk yn de preek floeije. De foargonger fen myn stalke sei 'ris op Palmpeaske oan de gemeinte: "Frjeonen, ik forsiikje jimme takommene Freed to bigraffenis, mar der wirde nin b?len jown." Hy woe sizze: "Onaris komme jimme op bigraffenis om de leedb?len; as 't jimme d?r hjir ek om to dwaen is, moatte jimme mar th?s bliuwe. Hjir is it om de deade to earjen." De l?zer sjocht, de wirden, dy sa ienf?ldich en plat lykje, sneinen as in flime.
Mar net alle Domenijs hiene sa folle forstan as dizze man. In bulte wierne better yn de fl?sk-k?pe en hjar h?f th?s, as yn de boeken. Dat giet yn alle fakken sa; goeden en tsjoeden rinne troch eltsoar, ek ?nder de doctors en abbekaten, mei dit ?nderskie, det in kindich doctor ef abbekaet, dy flitich is, fierder yn de wr?ld komt, en det it domme heapske in kindich domenij meast sitte lit, as se him mar net forkettert. Sa meitsje domme gemeinten domme domenijs, en beide binne se oan eltsoar weage. In ljeaf lyts eximpeltsje scil jimme dat klearder meitsje.
In domenij yn Frentsjeradeel h?ldde der saun ef acht preken op nei. As er No. 8 preke hie bigoun er wer mei No. 1 fen foaren ?f oan; den hie er skjin linnen. De boeren hiene dy acht hirddravers sa faek rinnen sjoen, det se it eindlik sa wirch waerden as spein spek. Twa boeren klagen do hjar need oan de Grytman Sicco Goslinga, dy hjar frege, hwet for teksten dy acht preken hiene? De boeren karden de holle; de iene seach de oare oan, mar nin ien fen beide wist it. "My tinkt, sei de Grytman, den moat domenij sa mar foartfarre ta jimme my dat sizze kinne." Mar de snoade man ontbea de domenij, en rette him, om for syn eigen goede namme sa lang to studearjen ef to soldearjen, det der noch acht preken bykamen.
Jimme bigripe wol, dy Fryske staeltsjes binne opteikene; oars koe ik se net witte. Hja binne mei in heel bult oare opteikene fen in ?ld treftich Bolswerter, d?r in skrandere holle op siet, en dy sokke dingen opskreau om der ?s de kleur en de geast fen dy tiden ?t to learen. Mar det hy se oanteikene hat is al in blyk, det dy dingen alle wiken net barden; hwent den hie nimmen der niichheit oan hawn. As jimme d?rom ?t dizze staeltsjes miene, det de domenijs fen 1700 in soadtsje onbiskoften wierne, d?r skik ef fetsoen by wier, den scoene jimme de planke dr?vich mis w?ze. De deaker, n?! dy hearen wierne sa edel. Hja lieten hjar it tsjiende part net dwaen ef sizze, dat se nou as swietekau trochswolgje. En hwet it fetsoen bilangt, dat l?stere mei hjar folle nauwer as yn ?s tiden. In moeike fen myn wiif wenne yn 1750 by hjar heit, dy predikant to Goutum wier, en dy hat my forhelle, det in domenij by hjarres om, dy apels ?t syn h?f forkoft hie, nin holle by syn collegas heel h?lde koe. Dat wier poetsje it each ?t! In domenij apels forkeapje, krekt as in boer ef in gnjirker? Oan syn frjeonen ef de earmen moast hy se jown hawwe, as er to folle hie. Ik leau net, det de iene collega de oare tsjinwirch op de r?ch oansjen scoe, as er apels forkofte, dy er mei syn h?sgesin net op koe.
Add to tbrJar First Page Next Page Prev Page